Tomke wurdt 20 jier en dat wurdt fierd

Tomke wurdt dit jier tweintich en dat wurdt fierd! Tomke is it Fryske taalprogramma foar pjutten, wêrby't it lytse jonkje sintraal stiet. Heiten en memmen en bygelyks pjutteboartersplakken kinne it programma brûke om bern yn it Frysk foar te lêzen of om yn it Frysk te sjongen mei de bern.
It jubileum wurdt fierd mei allegear aktiviteiten, lykas in fergees foarlêsboekje en cd en bysûndere Tomke-ôfleveringen by Omrop Fryslân op de telefyzje.
Tomke feestwike
De Tomke-feestwike is fan 19 o.e.m. 24 septimber mei in protte aktiviteiten. Net allinne mei it fergeze foarlêsboekje mei cd yn de Fryske biblioteken, mar ek winaksjes op de webside en FB-pagina (facebook.com/tomkepagina) en eltse dei bysûndere Tomke-ôfleveringen op Omrop Fryslân.
Op Omrop Fryslân telefyzje kinne bern hast de hiele dei genietsje fan Tomke. Eltse dei fan 09.00-13.00 oere en fan 16.00-17.00 oere. It binne bysûndere ôfleveringen, want it binne kompilaasjes fan de earste begjinjierren fan Tomke, makke troch Feije van der Meer.