Wynpark Nij Hiddum-Houw wer stap fierder

© Omrop Fryslân
It wynpark Nij Hiddum-Houw by de kop fan de Ofslútdyk is wer in stap tichterby. Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe tiisdei de startnotysje besprutsen en dy wurdt yn oktober behannele yn Provinsjale Steaten. Dy kinne dan noch eigen winsken en betingsten taheakje. It oantal wynturbines en de hichten lizze noch net fêst. Der wurde earst ferskillende opstellings ûndersocht. As alles rint sa't de provinsje graach wol, dan is it wynpark yn augustus 2020 klear
Inisjatyf
Wynpark Nij Hiddum-Houw is in inisjatyf fan Nuon Wind Development BV en de pleatslike partijen Windpark A7 BV en Brouwer Windturbines BV. Provinsjale Steaten leinen de globale lokaasje yn desimber 2014 fêst.
Ekstra fermogen
Nei it oprêden fan sa'n 6 megawatt oan besteande mûnen moat op dizze lokaasje 36 megawatt ekstra wynfermogen ûntstean. It park krijt dus in fermogen fan sa'n 42 megawatt.
De provinsje sil, yn de mande mei de inisjatyfnimmers, de omjouwing mei klam belûke by de planfoarming. Troch ynformaasjegearkomsten, ynspraakjûnen en persoanlik kontakt.