Opsterlands Belang: Gemeenteried moat tsjin boarring stimme

06 sep 2016 - 16:20

De gemeenteried fan Opsterlân moat yn in ekstra riedsgearkomste tsjin in proefboarring nei gas by Nij Beets stimme. Dat wol Opsterlands Belang. Oalje- en gasbedriuw Vermilion wol dy boarring dwaan, mar yn Nij Beets en omkriten binne in soad minsken dêr op tsjin. Dat jildt ek foar Opsterlands Belang. Boargemaster en wethâlders fan Opsterlân beslute nije wike oft de boarring trochgean mei. Foar dy tiid moat der in ekstra gearkomste komme, wêryn't de ried nee seit tsjin de proefboarring, fynt Opsterlands Belang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)