Harry van der Molen nûmer acht op CDA-list Twadde Keamer

06 sep 2016 - 07:26

Wethâlder Harry van der Molen fan it CDA stiet op plak acht fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezings. Dêrmei is er de ien-nei-heechste nije kandidaat foar it CDA. Sybrand Buma stiet lykas fjouwer jier lyn op nûmer ien. Op plak 31 stiet ek noch Esther Halbersma, gemeenteriedslid fan Dongeradiel.

It CDA seit sels dat it kiest foar in kombinaasje fan de bekende nammen en nij talint. De Twadde Keamerferkiezings binne op 15 maart takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)