Hurdfytser Pieter Weening bliuwt by Roompot-ploech

Pieter Weening © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Hurdfytser Pieter Weening bliuwt langer bij de ploech fan sponsor Roompot. Hy hat syn kontrakt mei twa jier ferlinge. De 35-jierrige Weening is dwaande mei syn earste jier bij Roompot. Dêryn wie er suksesfol yn de Ronde fan Noarwegen, mei in etappewinst en de einoerwinning. Hy wûn ek in rit yn de Ronde fan Switserlân.