Mûne Drylts minder lûd
Houtseachmole De Rat yn Drylts makket sûnt koarten in stik minder leven. De houten rêden en kammen yn de mole wiene sa âld, dat se flink pipen en kreaken. Ta grutte frustraasje fan moolner Siemen Jellema.
Mei jild fan de eardere gemeente Wymbritseradiel is it probleem ferholpen.