Fryslân krijt foarearst gjin nije opfanglokaasjes

Gemeenten yn Fryslân hoege foarearst gjin wurk te meitsjen fan nije opfanglokaasjes. Neffens de provinsje komme der minder flechtlingen ús lân binnen en is der minder ferlet oan opfang. De nijbou foar opfangsintra yn It Hearrenfean, Balk en Snits gean wol troch. Foar de oare plannen hat de provinsje in pauze fan in moanne ynlaske.
Fryslân hie genôch plannen klear lizzen, mar in 'piek' sa as earder wie, bleau út troch it akkoart mei Turkije.
It kabinet komt ein dizze moanne mei mear dúdlikheid oer de opfangkapasiteit dy't tenei nedich is.Yn oktober krijt Fryslân te hearren wat de gefolgen foar ús provinsje binne. De provinsje, Feilichheidsregio en it COA erkenne dat it útstel ta frustraasje by gemeenten liede kin.