Admiraliteitsdagen yn Dokkum lûkt rekôroantal besikers

In ympresje fan de Admiraliteitsdagen yn Dokkum © Marit Anker
De Admiraliteitsdagen hawwe it ôfrûne wykein mei mear as 60.000 besikers in rekôroantal minsken nei Dokkum lutsen. De muzykjûnen waarden goed besocht, mar neffens Jan-Michiel van der Gang fan de organisaasje wiene der oerdeis ek mear minsken as oare jierren.
Dêrmei liket it doel om it oantal besikers better te sprieden slagge. Der wiene neffens de organisaasje gjin grutte kalamiteiten ûnder de sechsde edysje fan it maritime feest. Allinnich de tsjerketsjinst yn de iepen loft moast sneintemoarn earder ôfbrutsen wurde om't sa hurd reinde.