Jeugd lûkt spoar fan fernielings troch Reduzum

(stockfoto) © ANP XTRA
In groep jongerein hat yn de nacht fan snein op moandei in spoar oan fernielings lutsen troch Reduzum. De plysje hat fiif fernielers fan 18 oant 20 jier oanhâlden. It giet om jongeren út de gemeente Ljouwert. Tsjûgen hiene de plysje alarmearre en oanwiisd wêr't de groep wie.
De fertochten besochten harren yn de boskjes te ferstopjen, mar de plysjes wisten harren gau te finen. De groep hie in ferkearsboerd, túnfersierings en auto's fernield.
De plysje slút oare fernielings net út en ropt minsken dy't skea ha op om oanjefte te dwaan.