Wat fine jo fan jo húsdokterspost? Doch mei oan ús enkête

Húsdokter © ANP XTRA
Se binne alwer in jier as fyftjin yn Nederlân, de húsdoktersposten. It plak dêr't jo jûns en yn it wykein hinne kinne as jo in dokter nedich ha. Hieltyd mear minsken meitsje der gebrûk fan. Yn 2015 diene de hûsdoktersposten yn hiel Nederlân sa'n 4,1 miljoen ferrjochtings. In stik mear as yn de jierren derfoar. Mar betsjut dat ek dat jo miskien wol langer wachtsje moatte foardat jo holpen wurde? Of miskien witte jo de húsdokterspost wol flugger te finen en is it allinne mar makliker wurden.
Omrop Fryslân wol graach witte hoe't it giet mei de Fryske húsdoktersposten en dêr ha wy jo by nedich. Doch mei folje de enkête yn. It kostet mar in pear minuten. Oer twa wiken fertelle we jo dan wat Fryslân fynt fan de húsdoktersposten.