Harmsen en De Graaf winne Iepen Frysk Kampioenskip Darts

Frans Harmsen hat it Iepen Frysk Kampioenskip darts wûn. Hy wie yn de finale yn it WTC EXPO yn Ljouwert mei 2-0 yn sets te sterk foar Derk Telnekes. Rick Hofstra fan Snits wie de bêste Fries. Hy waard yn de heale finale útskeakele troch Telnekes. Hofstra hie twa matchdarts, mar miste se beide en ferlear mei 4-3. Danny Noppert fan De Jouwer waard yn de tredde ronde (bêste 64) al ferrassend útskeakele troch Lars Fransen. Ferrassend wie ek de oerwinning fan Folkert Hiemstra fan Driezum op Roland Scholten.
Hiemstra waard lykwols in ronde fierder yn de achtste finales útskeakele. By de froulju gie de winst nei Aileen de Graaf. De Nederlânsk kampioene wûn yn de finale mei 4-0 fan Anca Zijlstra.