Partoer Tuinenga wint haadklasse yn Wommels

Argyffoto fan it winnende partoer © Henk Bootsma
It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra hat sneintemiddei tusken de buien troch de haadklasse keatspartij yn Wommels wûn. Se wiene yn de finale te sterk foar it partoer fan Iris van der Veen, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia. It wie de lêste frije formaasjepartij foar Renske Terwissche van Scheltinga en Sjoukje Visser. Beide froulju hâlde oan de ein fan dit seizoen op. It tredde plak wie foar it partoer fan Rianne Vellinga, Maaike Osinga en Harmke Siegersma.