Grut tal besikers foar Ofslútdyk dit wykein

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Mear as 3000 minsken binne dit wykein nei de Ofslútdyk kaam foar de start fan it projekt Icoon Afsluitdijk. Rykswettersteat is tige tefreden oer it tal besikers. Untwerper Daan Roosegaarde ûntbleate dit wykein de konsepten dy't er mei syn team ûntwikkele foar de Ofslútdyk. Hjirby wiene ek Minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer en Miljeu, en deputearre Klaas Kielstra oanwêzich. Ek wie der in spesjale edysje fan de ljochtsjo Waterlicht. Der soe ek in grutte hurdrintocht oer de dyk organisearre wurde, mar dit koe net troch it minne waar.