Steatssekretaris Van Rijn op wurkbesite yn Smellingerlân

© ANP
Steatssekretaris Martin van Rijn is moandei op wurkbesite yn de gemeente Smellingerlân. Doel fan de besite is om te sjen hoe't it programma Sûn yn Smellingerlân yn de praktyk wurket. Smellingerlân is ien fan de 164 gemeenten dy't mei dit programma wurket. De steatssekretaris sil yn petear mei bewenners fan de wyk De Wiken yn Drachten. Hy bringt ûnder oare in besite oan it wyk- en soarchsintrum dêr en oan basisskoalle De Wiekslag.
Boargers en belutsen organisaasjes fertelle wat sy dogge om sûnensferskillen tusken minsken werom te bringen. 'Sûn yn...' is benammen bedoeld foar it ferbetterjen fan de sûnens fan kwetsbere groepen.