Dochs hurdrinners op de Ofslútdyk

04 sep 2016 - 11:03

Inkelde tsientallen hurdrinners binne sneintemoarn op eigen inisjatyf dochs oer de Ofslútdyk draafd. Se makken gebrûk fan it fytspaad. It giet om sa'n tweintich minsken.

It hurddraafevenemint Afsluitdijk Open waard sneontenacht ôfsein troch de organisaasje fanwegen it minne waar. Sa'n 7500 hurdrinners hiene har opjûn foar de tocht, dy't om fjouwer oere fan start gean soe.

Guon rinners hiene in hotel boekt foar it evenemint of binne yn training foar in wedstriid. Se hiene wol begryp foar it beslút fan de organisaasje mar woene dochs útein sette mei de tocht.

De organisaasje hopet dat der gau in nije datum komt foar it evenemint. Minsken dy't har ynskreaun ha kinnne dan sa wer meirinne, sa lit organisator Koen Hermens witte. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)