Omrop TIP: Ald-reedrider Harm van der Pal en dochter yn BdV

Jeske van der Pal en har heit Harm © Omrop Fryslân
Heit Harm en dochter Jeske van der Pal prate oer harren relaasje en oer saken dy't har dwaande hâlde. Harm wie in grut reedrydtalint ein 70, begjin 80 er jierren. Op syn 22ste kaam dêr nei in slim ûngelok in ein oan. Jeske waard twa jier lyn op de hûshâldbeurs ûntdutsen troch in modelle-skout en nei't se har VWO diploma helle hie besleat se har te rjochtsjen op dat modellewurk.
Yn Buro de Vries prate we oer it dûkûngelok, de heit-dochterrelaasje, it modellewrâldsje, de soargen dy't heit soms hat oer syn dochter.
Buro de Vries is snein tusken 11.00 en 12.00 te hearren op de radio.