Lykspul ONS Snits by Rijnsburgse Boys

03 sep 2016 - 16:25

ONS spile sneon mei 2-2 lyk tsjin Rijnsburgse Boys. Op it sportpark yn Rijnsburg tekene Rein Werumeus Buning yn de 18e minút foar de Snitser iepeningstreffer. Buning krige rap dêrnei de kâns op de 2-0, mar syn kopbal waard krekt foar de line keard.

Fuort nei rêst kaam de thúsploech op likense hichte. De ploech fan trainer Richard Karrenbelt pakte nei in oere spyljen op 'e nij de foarsprong en wist dat lang fol te hâlden. Yn de lêste minút wie it lykwols de thúsploech dy't op 'e nij de lykmakker op it boerd sette.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Boso Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)