Opskuor by konkoers hippyk Droegeham, Chardon wint mei Eise

Jelmer Chardon fan Jorwert en syn hynst Eise binne winner wurden fan it Nederlânsk kampioenskip Fryske stamboekhynsten foar de sjeas. Op it konkoers hippyk fan Droegeham wie in barraazje nedich om de winner te bepalen. Dêryn wiene Chardon en Eise te sterk foar Age Okkema mei de hynst Tsjalle en Sybren Minkema mei Wylster.
Foar de wedstriid ûntstie der opskuor oer it tal dielnimmers. Oer it generaal moatte der minstens fiif dielnimmers meidwaan foar in jildich kampioenskip, mar yn Droegeham diene mar fjouwer dielnimmers mei.
Dekking
It lege tal dielnimmers hat mooglik te krijen mei de frees by de eigeners fan de dekhynsten dat in minne klassearring betsjut dat har hynst minder frege wurdt foar de dekking. Dêrtroch soene se ynkomsten misrinne. It kampioenskip gie gewoan troch.
Frank Roest
Foar Frank Roest is wie it sneon it lêste konkoers hippyk. Hy wie 25 jier foarsitter fan it evenemint yn Droegeham en naam ôfskied.