Hynders fan Trynwâlden winne NK dressuer

Seis amazônes fan hynstesportferiening Trynwâlden binne sneon yn Ermelo Nederlânsk kampioen wurden yn de ôfdielingsdressuer foar seistallen. Der moast in proef útfierd wurde wêrby't de seis hynders sa moai mooglik achter elkoar rinne moasten. It team út De Trynwâlden waard earder ek al Frysk kampioen op dit ûnderdiel. Letter op de middei folget noch de huldiging.