Kollum: "Lân fan Meartaligens"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
“Fansels, ik begryp bêst dat it wichtichste nijs fan 'e wike wie dat Doutzen Kroes tenei yn Dútske ûnderbroeken, dy’t ta Nederlânsk produkt naturalisearre binne, rûnrint. Ik wit ek dat jim allegear mei wip yn de angel de byhearrende advertinsjes besjoen ha. Mar ik soe dochs jim omtinken freegje wolle foar eat wat Doutzen sels ek folle wichtiger fynt, want se tutet jim ommers altyd al mei Fryske Afûklippen. Hoewol, it gie juster net mear inkeld oer it Frysk, nee we wreidzje no út ta meartaligens. Sûnt op guon basisskoallen njonken Nederlânsk en Frysk ek Ingelsk jûn wurdt, prate we net mear oer twataligens, mar oer meartaligens. En mei de komst fan noch mear asylsikers is dat fansels hartstikkene goed.
Meartaligens. Juster ha sân ynstansjes yn Dokkum in konvenant tekene. Koen Eekma fan de Afûk wie der fansels by, want sy fertsjinje it meast oan de Fryske uteringen fan de provinsje, dus aanst ek oan de  meartaligens. Ik bin Tomke. Ik ben Tom. I am Tommy.
Hanno Brand wie der ek. Hy is de baas fan de Fryske Akademy, want dêr dogge se  Europeeske ûndersiken nei meartaligens. Brand wol net dat in oar dêr yn omhaffelje kin sûnder dat hy der by sit. Boppedat sit hy der yn om't Bert Looper fan Tresoar der ek yn sit. Lit my it mar hiel foarsichtich formulearje: der binne wolris wat oerlaapjende wurkfjilden by Tresoar en de Akademy. Dan hoech ik teminsten net te sizzen dat se elkoar swier bekonkurrearje.
Jouke de Vries wie der ek. De man dy’t de Fryske universiteit as fazal fan Grins op poaten sette moat. Miskien is dat meartaligens wol wat foar him. Jan Koster fan Omrop Fryslân siet der ek, mar dy hie de holle der net hielendal by, dy sit wat mei steatssekretaris Dekker en al dy oare regionale omroppen dy’t fertelle wolle wat Omrop Fryslân útstjoert en dat is echt gjin meartaligens. Tryater wie der fansels ek. Saaklik lieder Valentijn Fit naam waar foar Ira Judkovskaja, want dy hat eangstige wylde dreamen as se it wurd Frysk heart. It hie no wol kinnen, want meartaligens is krekt wat foar it Tryater fan Ira, dy’t suksesfol wie yn de meartalige streken Amsterdam en Mouskou. We krije ynkoarten in Ingelsk stik, 'The truth of Wylgeragea'.
En dan wie it Historisch Centrum Leeuwarden (tink om de Nederlânske titel) der ek noch. Geart de Vries. Dy’t fansels gol bliid is mei in konvenant oer meartaligens, dan kin Ljouwert teminsten ek meidwaan. As it Ljouwerters al in taal is fansels, oars moat hy yn de dialektebak. Dêr sitte oars frjemd genôch it Stellingwerfsk, it Biltsk, it Snitsers, it Harnzers, it Hylpersk en it Aasters ek al yn. Soenen dy no ek net in konvenant foar meartaligens ûnderskriuwe moatte?
Nee. Sjoch. Koen, Bert, Hanno en Geart sitte dêr allegear om de âlde huorrebuert fan Ljouwert hinne, tsjintwurdich it Aldehoustertsjerkhôf. Der rint Jouke ek faak om. Der komt in gebou, wêryn't we as Fryslân it lân fan taal ta útdrukking bringe moatte. Moai gebou, kostet in kwak sinten, want it is yn it ramt fan KH2018. Sit in trbune op. No kin Geart, Hanno, Bert, Jouke en Koen der wol sitten gean, mar dan moat der ek wat barre. Dat moat Ira útfiere, want sy sit op alle akteurs. En as je it oer taal ha, dan moat je akteurs ha, want dat kin net echt wêze, dat is net oerdreaun genôch. Jan moat it opnimme, sadat it hiele Fryske folk yn 2018 in skitterjende foarstelling krijt oer it lân fan taal. Meartalige taal. Inkeld dêrtroch kin Fryslân Europeeske haadstêd wurde, want der haffelje se ek altyd yn gâns talen yn elkoar om. As de iene ja seit, seit de oare nee. Europa begrypt himsels net.
Fryslân wol. Mar moatte je no in konvenant slute om soks foar elkoar te krijen? Dat moat dochs fansels gean. Wittenskip is gjin taalfoarstelling. Behâld fan Fryslâns erfskip ek net. Ach, it wie ek gewoan efkes gesellich by elkoar sitte juster, en freegje how are you. Mar ik miste de ûnderwiissektor. Dêr is de útfiering fan meartaligens betocht, mar by it sweeslaan yn Dokkum mochten se juster net wêze."