Man besiket yn te riden op wachtsjende treinreizgers

© ANP
By it treinstasjon fan Akkrum hat in autobestjoerder meardere kearen besocht yn te riden op in groep fan sa'n tweintich reizgers. Dat barde sneintenacht even foar healwei trijen. De reizgers stiene te wachtsjen op ferfangend ferfier omdat de trein net fierder ried fanwege wurksumheden oan it spoar.
By it ynsidint rekke net ien ferwûne. De plysje is op syk nei tsjûgen. Nei alle gedachten wiene de reizgers ûnderweis nei Ljouwert. De plysje wol ek yn kontakt komme mei dizze treinreizgers.