Nije mediawet giet foarearst net troch, besuniging wol

Omrop Fryslân bliuwt foarearst selsstannich. Steatssekretaris Sander Dekker hat besletten dat de ynfiering fan de nije mediawet earst net troch giet. Der is by de regionale omroppen te min draachflak foar de nije wet. De besuniging fan 17 miljoen giet wol troch.
Dekker lit witte dat de omroppen foarkomme moatte dat de besunigingen negative gefolgen ha foar de programmearring en de redaksjes. Omroppen kinne in finansjele bydrage krije as se gearwurkje mei-inoar op it mêd fan bygelyks sales en marketing, finânsjes en personiel.
De kommende tiid sil Dekker mei de ferskate partijen fierder wurkje oan it finen fan in oplossing foar de langere termyn.