Fragen D66 oer lokaasje City Rock yn Rengerspark

Gemeenteried Ljouwert © Omrop Fryslân
De fraksje fan D66 yn de gemeenteried fan Ljouwert stelt fragen oer it evenemint City Rock, dat dit wykein yn it Rengerspark is. Neffens D66 is earder sein dat it Rengerspark dêrfoar hielendal net geskikt is. Dat hat te krijen mei ûnder oaren de floara en fauna yn it gebiet.
De partij wol witte wêrom der dan dochs in fergunning ôfjûn is en of it fan doel is om dat yn de takomst faker te dwaan. Omwenners jouwe oan dat ek sy harren soargen meitsje oer de effekten fan it festival op de floara en fauna yn it Rengerspark.