Ynternasjonale keunstskilders komme yn 2018 nei Fryslân

Salon waard dit jier yn Sint Petersburg holden © Salon
Keunstskilders út de hiele wrâld komme yn 2018 foar in grut projekt nei Ljouwert ta foar Kulturele Haadstêd 2018. It giet om it keunstnerskollektyf Salon, dêr't hûndert keunstners út 22 lannen by oansletten binne. De keunsters sille fjouwer dagen lang eksposearje en workshops liede. Ek sille se in grutte muorreskildering meitsje foar in goed doel.
Salon moetet inoar elts jier, lykas yn Sint Petersburg, Londen en Parys en takom jier yn New York. It evenemint is yn hannen fan Feanster keunstskilders Randolph Algera en Gabriëlle Westra.