Ljouwerter oanhâlden foar fjoerwapenbesit

© ANP
De plysje hat woansdeitenacht in 27-jierrige man út Ljouwert oanhâlden om't er in fjoerwapen by him hie. By de plysje wie in tip binnen kaam dat de man mooglik yn it besit wêze soe fan in fjoerwapen. In plysjeman seach him rinnen yn de Alde Doelesteech. De Ljouwerter waard fûillearre op it Ruterskertier. Yn syn tas fûn de plysje in hânfjoerwapen, mooglik in alarmpistoal.
De man is meinommen nei it buro. It wapen is yn beslach naam. Der wurdt fierder ûndersyk dien nei it fjoerwapen. De tip oer de man kaam fia Meld Misdaad Anoniem.