Ljouwert: Déjeuner sur l'Herbe

Yn Ljouwert wurde oer 14 dagen fjouwer oeren lang minsken skildere, dy't op in kleed sitte te piknikken. Op it Lombardplein by it nije Saailân komt in gersfjild te lizzen dêr't foarbygongers fergees sitten gean kinne te iten. Ferskate keunstners sille har dan skilderje.
It idee is ûntliend oan it wrâldferneamde skilderij le Déjeuner sur l'Herbe fan de Frânske skilder Edouard Manet. It giet om in inisjatyf fan Keunstprojekt Leve het Zaailand.