Fryslân krijt in aparte Mûnedei yn 2017

01 sep 2016 - 08:17

De Fryske Mûnedei wurdt yn 2017 net mear yn it iepen monumintewykein hâlden, mar krijt it eigen dei. Dat is it plan fan it gilde Fryske Mûners. Takom wike is it de lêste kear dat dy twa eveneminten op itselde stuit organisearre wurde. Op 22 april 2017 moat de earste aparte Fryske Mûnedei plak fine.

Neffens Gilbert IJsselmuiden fan de wurkgroep Fryske Mûnedei waard it tiid dat der in aparte dei kaam. ''We vonden dat we na zoveel jaren toch een eigen gezicht moesten hebben, meer gericht op de molen zelf. Als je dat op een eigen dag organiseert, kan je meer leuke dingen doen.'' 

De wurkgroep hopet mei de mûnedei ek mear frijwilligers oan te lûken. Der stean yn Fryslân ûngefear 150 mûnen.

Trefwurden: 
Fryske Mûnedei mûnders
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)