Slimme ierappelsykte mei bestriden wurde

Yn de ierappeltylt is in seldsum firoïde oantroffen dat troch de reguliere bestridingsmiddels net oanpakt wurde kin. Neffens de Voedsel- en Warenautoriteit is der sprake fan in needsituaasje.
Steatssekretaris Van Dam hat derom besletten dat foar in beheinde perioade fan 120 dagen it middel Hyperclean X brûkt wurde mei. Neffens direkteur research Robert Graveland fan kweker HZPC yn Mitselwier jout dat wol oan dat de situaasje serieus naam wurdt.
Dat is neffens him fan grut belang om't Nederlân in eksportlân is, dat firussen yn de ierappels net ha kin. HZPC hat sels gjin lêst fan de firoïde.