Festival ITGWO docht de natuer op Flylân gjin skea

De natuer fan Flylân is de kommende dagen wer it poadium en it dekôr fan it muzykfestival Into The Great Wide Open. Dêr't by in soad festivals de natuer faak in obstakel is of dat organisaasjes benaud binne dat de natuer skea oprint troch festivalgongers, is dêr op Flylân gjin sprake fan.
Neffens boskwachter Anke Bruin leit dat net allinnich oan it goede oerlis mei de organisaasje, mar ek oan de besikers.