Belvédère kin net sûnder subsydzje fan provinsje

Museum Belvédère yn Oranjewâld slút takom jier de doarren as der gjin provinsjale subsydzje fan twa ton jiers komt. Dat skriuwt it bestjoer fan it museum yn in brânbrief oan de leden fan Provinsjale Steaten.
Dy prate jûn yn in steategearkomste oer de nije kultuer-, taal- en sportnota fan de provinsje Fryslân oer 2017 oant 2020. Belvédère krijt dêryn gjin strukturele stipe. Foarsitter Evert-Jan Rotshuizen hopet dat de steateleden wol 'incidenteel' jild foar Belvédère oer ha.
Fan it begjin yn 2004 ôf hie Belvédère foaral partikuliere sponsors en donateurs. Nei de ekonomyske krisis feroare dat. Doe foel der in soad subsydzje fuort, wêrtroch it museum de eigen reserves ynsette moast en ôfhinklik waard fan subsydzjes. Op 7 septimber nimme Provinsjale Steaten in beslút oer de kultuer-, sport- en taalnota fan deputearre Poepjes.