Mei gefaar rinnend útnaaie oer de sneldyk op It Fean

© ANP
In noch ûnbekende man hat tiisdeitejûn by It Hearrenfean libbensgefaarlike kaprioalen úthelle om oan de plysje te ûntkommen. De plysje woe de man op de A7 oan de kant sette om't se tochten dat hy mei drank op achter it stjoer siet.
De man naaide rinnend út en stuts de A7 oer. Hy waard derby hast oanriden troch in frachtwein. De man is mei boeien om fan de sneldyk helle. Der is in bloedproef ôfnaam. De man is earder dizze wike ek al mei drnak op achter it stjoer oanhâlden.