Fryske transporteur belutsen by slim ûngelok

By in slim ûngelok op de A31 by it Dútske Emden wêrby ek in frachtwein fan transportbedriuw Hoekstra yn Jiskenhuzen belutsen wie, is tiisdeitejûn in deade fallen. It giet om in 43-jierrige man út it Dútske Wuppertal.
De man ried mei syn Opel Corsa yn folle faasje achterop de frachtwein en bedarre hast hielendal ûnder de oanhinger. By de berging moast in swiere kraan ynsetten wurde om de auto ûnder de frachtwein wei helje te kinnen. De dyk wie oeren lang ôfsletten. De frachtweinchauffeur kaam mei de skrik frij.