Preamfarren yn Ljouwert lûkt rekôrtal toeristen

30 aug 2016 - 20:01

De Stichting Praamvaren yn Ljouwert hat in poerbêste augustus hân. Noch ôfsjoen fan de boekingen troch groepen, hawwe de frijwilligers yn augustus al mear as 3.000 toeristen troch de stedsgrêften fearn. Neffens planner Henk Ponjee is dat in rekôr.

De trije preammen en de frijwilligers sitte dêrmei wol oan de râne fan de mooglikheden. De frijwilligers binne hast safier dat se it wolris wat rêstiger oan dwaan wolle.

De stichting beriedt him deroer om yn de simmer fan takom jier net mear mei groepen te farren, mar allinnich mei toeristen. Neffens de stichting lûkt Ljouwert troch it etiket Kulturele Haadstêd ek no simmerdeis al mear toeristen as de ôfrûne jierren.

Mei yngong fan septimber farre de preammen net mear sân, mar fiif dagen yn 'e wike, fan tiisdei oant en mei sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)