Biblioteken Noard-Fryslân rekkenje gjin boetes mear

De biblioteken yn Noard-Fryslân rekkenje sûnt 1 jannewaris fan dit jier gjin boetes mear foar boeken dy't te let werombrocht wurde. Sawol de organisaasje as de meiwurkers yn de biblioteken binne hjir entûsjast oer. It is neffens de meiwurkers net sa dat boeken no folle langer thús hâlden wurde of hielendal net werombrocht wurde.
De leden krije earst berjocht dat se de boeken ynleverje moatte. As dat net helpt en de boeken fierstente lang hâlden wurde, krije se in brief mei it oanbod om it boek te keapjen of dochs werom te bringen.
De meiwurkers yn de biblioteken fernimme dat se net mear mei minsken prate oer boetes, mar oer boeken en dêr binne se hiel bliid mei. De leden fan de byb betelje no wol 3,50 euro mear oan abonnemintsjild.