Goed jier Ljouwerter iishal

10 maaie 2012 - 18:43

De Ljouwerter iishal is der opnij yn slagge it seizoen posityf ôf te sluten. It giet om in beskieden winst, dy't brûkt wurde sil foar it ûnderhâld fan de hal. Dy moat nei alle gedachten noch oant 2015 tsjinst dwaan, doel is dat der dêrnei in nije hal komt.

It natueriis fan begjin dit jier hat ek de iishal goed dien. Der moasten 2.000 pear redens slipe wurde. Boppedat hienen minsken sa de smaak te pakken dat der mear rekreanten nei de iishal kamen.

Trefwurden: 
Ljouwert iishal redens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)