FIDEO: Earste wurkdei Wilma Mansveld yn Tytsjerksteradiel
Waarnimmend boargemaster Wilma Mansveld wol Tytsjerksteradiel yn Den Haach foar it fuotljocht bringe. De âld-steatssekretaris sil gebrûk meitsje fan har netwurk yn it Haagse, is har bedoeling. Moandei waard Mansveld offisjeel ynstallearre en tiisdeitemoarn stelde de nije boargemaster har foar oan de amtners fan Tytsjerksteradiel.