Spyldata foar KNVB beker binne bekend

© ANP
De KNVB hat de data foar de earste ronde fan de KNVB beker fêststeld. SC Hearrenfean spilet op tiisdei 20 septimber thús tsjin De Graafschap. Dizze wedstriid begjint om 20.45 oere.
Cambuur moat útspylje, tsjin FC Rijnvogels. Dy wedstriid fynt plak yn Katwijk, op tiisdei 20 septimber om 20.00 oere.
In dei letter mei Harkemase Boys ek nei Katwijk, foar it duel tsjin fuotbalferiening Katwijk. Dizze wedstriid stiet pland op woansdei 21 septimber om 20.00 oere.