Pier Piersma ferkeapet syn skipswerf yn Heech

Werfbaas Pier Piersma ferkeapet syn skipswerf Piersma yn Heech. Hy hat fyftich jier dwaande west mei klassike houten boaten wêrfan 46 jier as baas fan syn eigen werf. Piersma hat yn dy tiid in soad skippen boud, restaurearre en ûnderhâlden. Mei dêrtroch binne der no noch safolle tsjotters, Fryske jachten en boeiers.
It kommende ôfskied is dan ek net sûnder emoasje, mar it wurdt tiid om de werf oer te dwaan. De opfolger is Martijn Perdijk dy't by Piersma wurke hat en no yn Heech syn eigen werf foar klassike houten skippen hat.
De ferkeap is formeel noch net rûn, mar beide partijen hawwe der alle fertrouwen yn dat it goed komt.