Plysjeman springt yn grêft om kat te rêden

© ANP
In plysjeman op It Hearrenfean hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in kat út it wetter rêden. It bistje siet op in eilantsje yn de Lindegracht. De plysjeman seach de kat, sprong yn it wetter en swom der nei ta.
It wie neffens de plysje in flink ein swimmen, mar de kat is wol rêden. "Een geweldige actie met een mooi resultaat", seit de plysje op Twitter.