Piter Wilkens 25 jier sjonger

10 maaie 2012 - 17:33

Sjonger Piter Wilkens fan Marsum fierde tongersdei dat hy 25 jier yn it fak sit. Hy begûn as solo-artyst neist syn wurk as timmerman, mar úteinlik ferruile er de tomstôk definityf foar de gitaar. It sulveren jubileum wurdt fierd yn Snits mei û.o. in kompilaasje-cd.

Piter spile earst yn de band Okke Hel, mar is sûnt 1976 solo op paad en sûnt 1996 libbet er fan de muzyk. Ta gelegenheid fan it jubileum ferskynt ek syn eigen bearenburch: 'De liter fan Piter'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)