"Set in streek troch twangsom fan 10 mln"

De lûdswâl by Menaam © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De Ried fan Steat moat in streek sette troch twa twangsommen fan goed fiif miljoen euro. Dat easken oannimmer Grondnet B.V. en Schatzenburg B.V. moandeitemiddei op in sitting yn Den Haag. Dy twangsommen binne har oplein troch de gemeente Menameradiel, fanwegen in lûdswâl, dy't yn striid mei de fergunning oanlein wêze soe. De lûdswâl soe te breed wêze.
Lânskip
Oannimmer Grondnet seit dat dat komt omdat de lûdswâl neffens de opdracht yn it lânskip ynpast wurde moast. Menameradiel hat de twangsommen op mei-inoar tsien miljoen euro steld, omdat de gemeente dat jild ek kwyt is, as dy de lûdswâl sels werstelle moat.
De Ried fan Steat docht oer in pear wiken útspraak.