Nij laboratoarium yn Ljouwert

10 maaie 2012 - 17:17

In konsortium fan nasjonale en ynternasjonale bedriuwen festiget in nij ûndersykslaboratoarium yn Ljouwert ûnder de namme Dutch Drying Institute. Dat hat de NOM tongersdei bekend makke. Der wurdt hiel wat droege, lykas molke en kofje en in grut ferskaat oan oare produkten. Yn it nije laboratoarium wurdt útsocht oft dat ek better kin.

De kosten binne tusken de 15 en 18 miljoen en it smyt 40 oant 50 nije banen op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)