Soad ynwenners fan Weststellingwerf wolle wol glêsfezel ha

Glêsfezel © Omrop Fryslân
Der is yn Weststellingwerf in soad belangstelling foar rap ynternet mei glêsfezel. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan de gemeente. Neffens Weststellingwerf hawwe 1200 fan de 2300 adressen dy't yn oanmerking komme oanjûn dat se graach oansletten wurde wolle.
Dat is neffens de gemeente mei te tankjen oan de ynset fan de lokale inisjatyfgroepen. Koartlyn makke de provinsje bekend de oanlis fan glêsfezelkabels sels oppakke te wollen.
De wize wêrop't de provinsje dat dwaan wol, is deselde as bygelyks by de oanlis fan diken: de provinsje jout bankgarânsjes ôf of finansieret de oanlis foar. Der binne yn ús provinsje noch 30.000 adressen yn benammen de bûtengebieten dêr't glêsfezel oanlein wurde moat.