Motorrider docht wheelies, mar falt en rekket ferwûne
In 24-jierrige motorrider út it Drintske Klazienaveen is sneintemiddei ferwûne rekke doe't hy wheelies oan it meitsjen wie op It Meer op It Hearrenfean. De man kaam ûnder it stunten mei syn motor te fallen, glied tsjin in parkearde auto oan en rekke ferwûne oan in skonk.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.