Koälysje Achtkarspelen presintearret dizze wike wethâlders

It gemeentehûs fan Achtkarspelen
De koälysjepartijen CDA, ChristenUnie en PvdA presintearje yn de rin fan dizze wike de kandidaat-wethâlders yn Achtkarspelen. Formateur Joop Atsma ferwachtet dat der tongersdei in gearkomste fan de gemeenteried hâlden wurdt, wêryn't it koälysjeakkoart foarlein wurdt. Dan kinne ek de wethâlders beneamd wurde.
Ofrûne wike waarden de fraksjes it iens oer de portefúljeferdieling. It CDA krijt de portefúljes finânsjes, mienskip en ekonomyske saken. De ChristenUnie wurdt ferantwurdlik foar wenningbou, romtlik belied en duorsume ûntwikkeling. De PvdA krijt yn it deistich bestjoer fan de gemeente de portefúljes ûnderwiis, soarch en it programma wurk en ynkommen.