Alde Maaie feesten steane faai

10 maaie 2012 - 16:09

De takomst fan de Alde Maaie feesten stiet faai, no't it folkloristyske festival yn en om de Trynwâlden foar de twadde kear net trochgiet. Bydragen fan de provinsje en de gemeenten binne ophâlden, want dy wiene bedoeld as opstartsubsydzjes. Nei twa edysjes koe it dêrom yn 2011 ek al net trochgean. De organisaasje jout it net op en syket nei sponsoaren.

Alde maaie is in tradysje út eardere ieuwen. Yn maaie ferhuzen pachtboeren en arbeiders nei in nije baas, want dan ferrûnen de jierkontrakten.

Neffens de organisaasje hat Alde Maaie oant no ta wol soarge foar bekendheid fan de regio by toeristen. Der binne ek nije kuierpaden oanlein yn de Trynwâlden.

Trefwurden: 
Alde Maaie Trynwâlden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)