Man rekket swierferwûne by Psy-Fi festival

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Op de earste dei fan it Psy-Fi festival by Ljouwert, ôfrûne woansdei, is in man swierferwûne rekke. De besiker dûkte it ûndjippe wetter yn fan it Griene Stjergebiet en bruts dêrby syn nekke. Hy is fuortendaliks nei it sikehûs brocht, hy leit noch yn it sikehûs fan Grins. De organisaasje fan it festival neamt it in tryst ynsidint, mar seit mei klam dat it neat te krijen hat mei it festival of mei it gebrûk fan drugs.
Snein is de lêste dei fan it festival. Der hawwe sa'n 14.000 minsken west út fjirtich lannen. De organisaasje is tefreden oer it ferrin fan it festival en wol takom jier wer. Fan klachten oer lûdsoerlêst is by noch neat bekend, dy komme binnen by de gemeente.