Feest foar alle Saskia's

10 maaie 2012 - 15:47

Alle froulju yn Nederlân mei de foarnamme Saskia wurde as earegast útnoege foar it jubileumfeest ta eare fan Saskia Uylenburgh op 13 oktober yn Ljouwert. Dan is it nammentlik 400 jier lyn dat de boargemasterdochter en lettere frou en muze fan de skilder Rembrandt yn Ljouwert berne waard. Saskia's kinne har oanmelde op www.saskia400.nl.

Neffens de organisaasje hat Saskia seker foar dy tiid sa'n selsstannige en kreative frou west dat se noch hieltyd in foarbyld wêze kin foar de jongerein fan dizze tiid.

Ljouwert pakt grut út mei de Saskiafiering ter eare fan de grutte leafde fan de skilder Rembrandt. In jier lang fol keunstmanifestaasjes, muzykproduksjes, lêzingen en eksposysjes. Kosten noch muoite binne sparre om it publyk in sa kompleet mooglik byld fan de frou te jaan, dy't sa wichtich west hat foar de ûntwikkeling fan de ferneamde skilder, mei wa't sy yn 1634 yn Sint Anne troude.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)