UPDATE: Grutte brân by wenpleats yn De Pein

In wenpleats oan de Kommisjewei yn De Pein is fan sneon op snein yn de brân rekke. De oarsaak is nei alle gedachten in fûle tongerbui. De bewenners koenen op tiid út it hûs helle wurde. De wenpleats stiet njonken in benzinestasjon en in autobedriuw. De brânwacht koe lykwols foarkomme dat de brân fan de pleats oersloech nei oare gebouwen. De brânwachten fan Drachten, Burgum en Ljouwert ha de brân úteinlik útmakke. It wetter waard mei in grut wettertransport helle út it Peinder Kanaal.
De brânwacht hie mear brânmeldingen troch tongerbuien yn de nacht fan sneon op snein. Bygelyks in melding fan in wenningbrân yn Nes by Akkrum. Mar doe't de brânwacht dêr oankaam, die bliken dat it 'leas alarm' wie.