Sportivelingen kuierje Kennedymars by Wâlterswâld

Yn Wâlterswâld is sneon de Kennedymars wer organisearre. Om healwei fiven sneontemoarn wie de start. De Kennedymars is in kuiertocht fan 80 kilometer. Jo kinne ek kieze foar koartere ôfstannen: 60, 40 of 20 kilometer. Om healwei alven sneontejûn moatte de dielnimmers wer binnen wêze. De ôfrûne jierren wie der gjin tocht yn Wâlterswâld fanwegen it wurk oan de Sintrale As.
De mars is neamd nei presidint John F. Kennedy. Begjin 1963 dage er Amearikaanske soldaten út om fyftich myl te rinnen binnen tweintich oeren. In protte gewoane minsken joegen ek gefolch oan de oprop. Yntusken wurdt de Kennedymars alle jierren yn in protte Nederlânske plakken organisearre. Foaral yn it suden fan it lân is de mars in begryp. Yn Fryslân kinne jo sûnt 2008 de tocht rinne.